Dorpswebsite Wjelsryp
It doarp fan 'e fjurkemigers

Op deze website vind je informatie over het dorp Wjelsryp en zijn omgeving. Deze website is een initiatief van Dorpsbelang Wjelsryp.
Heb je informatie voor de website of zie je iets dat niet klopt? Stuur dan even een mailtje naar webredactie@wjelsryp.com.


Na 2020 mogelijk minder treinen op station Dronrijp

Gepubliceerd: 2 december 2016

WJELSRYP - Gedeputeerde Staten van Groningen en Fryslân hebben een programma van eisen opgesteld. Hierin staat waar het treinverkeer vanaf 2021 aan moet voldoen. Het ontwerp programma van eisen bevat ruimte voor de inschrijvers op de aanbesteding om de trein maar één keer per uur te laten stoppen op station Dronrijp. FNP Menameradiel heeft Dorpsbelang Wjelsrijp gevraagd om hun persbericht hierover op de dorpswebsite te publiceren.

Aanbesteding OV op website provincie Fryslân: klik hier
Document met betreffende tekst over frequentie dienstregeling (zie pagina 10): klik hier  


Persbericht FNP Menameradiel:

Menaam, novimber 2016

Konsekwinsjes foar haltes Dronryp en Deinum nei mooglike oanpassing treintsjinst Harns – Ljouwert m.y.f. 2020

De Provinsje Fryslân hat yn har oanbesteging fan de nije ferfierskonsesje foar ûnder oare it trasee Harns – Ljouwer de ynskriuwers de romte jûn om de trein mar ien kear yn it oere stopje te litten op de haltes Dronryp en Deinum. De reden is dat reizgers út bygelyks Harns en Frentsjer dêrmei de mooglikheid krije om mei har oerstap yn Ljouwert better oan te sluten op de treinen nei Grins en Swolle.
FNP Menameradiel hat op 24 novimber l.l. it foartouw nommen om mei de oare partijen yn de gemeenteried fan Menameradiel in moasje yn te tsjinjen. Yn de moasje wurdt it kolleezje oproppen om in goede tsjinstregeling foar de ynwenners fan Deinum, Boksum, Blessum, Dronryp, Winsum, Baaium en omjouwing yn stân te hâlden. It feit dat de bus fan en nei Snits op den doer ek net mear yn Deinum stoppet soe as gefolch ha kinne dat Deinum en omlizzende doarpen mooglik sterk achterút buorkje mei harren iepenbier ferfier.

De stasjons fan Deinum en Dronryp foarmje in sintraal punt yn it iepenbier ferfier. Beide plakken nimme in foaroansteand plak yn foar wat útwreiding oanbelanget yn de gemeente Menameradiel. It behâlden fan in goede treinferbining is in pree foar de oantreklikheid fan dizze regio. Foar guon reizgers kin de oerstap yn Ljouwert dan miskien better oanslute op de treinen nei Grins en Swolle, mar foar de ynwenners yn de gemeente Menameradiel soe it mooglik mear tiid kostje kinne om nei Ljouwert te reizigjen en kinne boppedat mooglik mei it oerstappen op oare treinferbinings of bustsjinsten just yn de knipe komme.

De leefberens op it plattelân soe mooglik skeind wurde kinne en de FNP is fan miening dat krekt alles út it fet helle wurde moat om dy leefberens te befoarderjen.





Twitterberichten Littenseradiel
Twitterberichten Waadhoeke