Dorpswebsite Wjelsryp
It doarp fan 'e fjurkemigers

Op deze website vind je informatie over het dorp Wjelsryp en zijn omgeving. Deze website is een initiatief van Dorpsbelang Wjelsryp.
Heb je informatie voor de website of zie je iets dat niet klopt? Stuur dan even een mailtje naar webredactie@wjelsryp.com.


Tryater met "Heimwee nei Hurdegaryp" op 5 maart in Yn 'e Mande

Gepubliceerd: 25 januari 2016

WJELSRYP - Tryater spilet Heimwee nei Hurdegarypin Doarpshûs Yn ‘e Mande op 5 maart 2016.


HEIMWEE NEI
 
HURDEGARYP
a trip down memory lane

Heimwee nei Hurdegaryp is wer werom! Nei suksesfolle rigen op Oerol en yn eigen gebou, reizget it stik no troch Fryslân!

Méi nei ôfrin Café Heimwee, om it gefoel fan doe noch éven fêst te hâlden...

De rook fan krekt meand gers, it roppen fan bern op it skoalplein, it geloksgefoel fan sleatsjespringe, beltsjedrukke, in ferske fan BZN: Hoe is it om de ferlerne tiid op ‘e nij mei te meitsjen? Om wei te wurden yn swiete oantinkens, pynlik langstme en de wyn waaie te litten as yn de tiid fan doe.

Heimwee nei Hurdegaryp hellet in ferline út inoar dat inkeld noch mar bestiet as in tizeboel fan tinzen. Twa akteurs sette alle sintugen iepen, litte alle wissichheid los en ferkenne de úteinen fan har bewustwêzen. Mar binne oantinkens eins wol betrouber? Hoe wie it ‘echt’? In nostalgyske trip oer langstme nei in thúsgefoel, dêr’t werklikheid, oantinken, dream en yllúzje yn troch elkoar rinne.

‘Oerolpareltje’ (Volkskrant)

‘It ûnderwerp – weromlangje nei de bernetiid – is fansels al mear troch teatermakkers as ûnderwerp nommen, mar noch nea earder yn sa’n fraaie, Fryske, plattelâns-oerferzje’ (Leeuwarder Courant)
 


Oanfang 20.00 oere mei nei ôfrin Café Heimwee mei de spilers Lourens en Eelco as gasthear in de lytse seal.

 Foto's: © Saris & den Engelsman  


Kaarten via de website van Tryater of bij Jelly v/d Veer: 06‑14294494 of Karin de Haan: 06‑49217478.
Der is plak foar 112 misken.

Tagongsprizen
entree € 14,--
freon € 12,50
CKV/CJP/culture card    € 10,--

Meer informatie: tryater.nl 









Twitterberichten Littenseradiel
Twitterberichten Waadhoeke