Dorpswebsite Wjelsryp
It doarp fan 'e fjurkemigers

Op deze website vind je informatie over het dorp Wjelsryp en zijn omgeving. Deze website is een initiatief van Dorpsbelang Wjelsryp.
Heb je informatie voor de website of zie je iets dat niet klopt? Stuur dan even een mailtje naar webredactie@wjelsryp.com.


Uitvoering De Lofstem op 28 maart

Gepubliceerd: 15 maart 2014

WJELSRYP - Op freed 28 maart 2014 om 20.00 oere hâld Kristlik Mingd Koar De Lofstem û.l.f. Doede Terluin har jierlikse útfiering yn it doarpshûs “Yn ‘e Mande” te Wjelsryp.
Foar it skoft bringe wy in ôfwikseljend programma mei geastlike en wrâldske lieten. Wy wurde dêrby begelaat troch Albert Jan de Boer op de piano.
Mei Monique Wijma (gitaar) en Janny Ali Veenstra (saksofoan) sjonge wy “Gebed om zegen”.
Dêrneist is der twa kear in gastoptreden fan de sûpraan Inkje Bakker. Mei it koar sjongt sy “Panis Angelicus”

Nei it skoft spylje eigen krêften de klucht “Rent-a-boerencamping-tent”, skreaun troch Maaike Salverda.
Spilers binne: Geertje Bruinsma, Grietje Folkertsma, Geeske Lemstra, Johanna Post, Hendrik Abma, Siebe Haven, Rienk Koopmans en Hendrik Miedema.
De rezjy is yn hannen fan Tea Sieta Greidanus

Oant sjen op freed 28 maart!
Tagong is fergees!


Twitterberichten Littenseradiel
Twitterberichten Waadhoeke