Dorpswebsite Wjelsryp
It doarp fan 'e fjurkemigers

Op deze website vind je informatie over het dorp Wjelsryp en zijn omgeving. Deze website is een initiatief van Dorpsbelang Wjelsryp.
Heb je informatie voor de website of zie je iets dat niet klopt? Stuur dan even een mailtje naar webredactie@wjelsryp.com.


Openbaar verkiezingsbedat op 13 maart

Gepubliceerd: 27 februari 2014
Gewijzigd: 5 maart 2013

WOMMELS - In pear doarpen út Littenseradiel hawwe it inisjatyf nommen om yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezings in iepenbier ferkiezingsdebat (it ienichste yn de gemeente) te organisearjen. Dat fynt plak op 13 maart om 20.00 oere yn it Dielshûs yn Wommels.

It wurdt net in gewoan ferkiezingsdebat. Net in debat dêr’t it publyk keurich op de stoel hearre kin nei de ronkjende propaganda ferhalen fan de politike partijen, mar in jûn fol aksje. In debat dêr’t je sels foar út de stoel moatte. Yn beweging komme moatte. Net de polityk leit syn plannen foar oan de doarpen. Wy draaie it om. De doarpen lizze har plannen foar oan de polityk en freegje wat de polityk deryn foar har betsjutte kin. Net lange wollige ferhalen, gjin loaze beloften dêr’t je letter nea wer wat fan hearre, mar heldere arguminten en dúdlike keuzes dêr’t wy mei ús allen wat oan hawwe.

Wy hawwe keazen foar in ’Lagerhuis’- opstelling. De listlûkers steane net statysk efter in kateder mar sitte tusken it publyk. Om de diskusje te strukturearjen wurdt it debat splitst yn fjouwer tema’s : gearwurking tusken doarpen, wentebou, soarch, duorsumheid en enerzjy. Foar elk tema wurdt in lyts heal oere ynromme. De tema’s wurde troch de doarpen sels ynlaat en mûnje út yn in prikeljende stelling. De fjouwer listlûkers krije koart de gelegenheid om harren miening te jaan oer de stelling. Dêrnei wurdt der fierder oer diskusjearre mei it publyk. It publyk makket troch har fysyk te ferpleatsen kenber mei wa’t hja it iens is.

De listlûkers fan de politike partijen binne frou Marja Reijndorp út Mangum (SAM), de hear Gosse Hiemstra út Wommels (CDA), frou Welmoed van der Werf út Kûbaard (FNP) en de hear Mark van der Meer út Hidaard (VVD). It debat stiet ûnder lieding fan Jan Rodenhuis fan Warkum, foarhinne wethâlder yn Nijefurd, no beliedsadviseur by Partoer.

Allinne troch te bewegen komme je foarút. Dat jildt sawol foar de polityk as foar de doarpen.

Elkenien wurdt fan herte útnoege om dizze jûn mei te meitsjen.

Wim Hiemstra, Doarpsbelang Easterlittens
(mail: w.hiemstra@ETCNL.NL ; telefoan: 06 - 39198365)

Sytse van der Werf, Doarpsbelang Kûbaard
(mail: svdwerf@hetnet.nl ; telefoan: 06 - 40371514)




Twitterberichten Littenseradiel
Twitterberichten Waadhoeke